Prikbord

Bent u een inwoner van Top en Twel en wilt u ook een oproep of advertentie plaatsen in deze rubriek?

2024-01-15 22:29:43
maandag 15 januari 2024

Jierferslach 2023

Jierferslach 2022 2023: IIsclub ,,Rept U” yn de prizen!

 

It nije iisclubjier begûn op 28 novimber 2022 mei grutte prizen. Yn it skoft fan de ledegearkomste gienen de nûmerkes foar de ferlotting as waarme broadsjes oer de toanbank. D’r wiene dan ek skitterjende prizen te winnen wêrûnder de kúb brânhout. It wie Age Bouwhuis die d’r mei de priis fan troch gie. Yn pleats fan in pilske nei it ferhaal fan Hedman Bijlsma moast hy hout sjouwen want it stie al klear foar de doar fan it kafee. Hout wat nedich wie doe de froast healwei desimber begûn.

 

It wie 14 desimber doe it iis op de baan 4 sintimeter dik wie. Trije dagen letter wie it 7 sintimeter en omdat de temperatueren nei it wykein omheech gean soene ha we de iisbaan iepen setten. Earst allinnich foar de jeugd, jûns foar elkenien. It wie in soad geselligens en prachtich iis. De snein wiene we wer de hiele dei iepen en it moaie wie dat d’r ek in soad minsken út omkriten op ôf kamen. Nije leden as gefolch en in soad sûkelademolke, snobberij, glühwein en snert ferkocht. In moaie einde fan 2022. 

 

Yn begjin 2023 spitigernôch gjin echt kâlde temperatueren mear. Us foarsitter socht it derom op yn Eastenryk en ried op 31 jannewaris de Alternatieve Alvestêdetocht. Simon en Jan ha sich op in oare wize taried op mooglik iiswaar, sy folgden yn febrewaris de kursus ‘jureren van korte- en langebaanwedstrijden’, organiseare troch Gewest Fryslân. In pear fan it bestjoer giene ek noch nei in lêzing oer ‘Sterke vrouwen op het ijs in de 11-stedenhistorie’. Dochs brocht al dizze iisynspiraasje gjin natoer iisflier en giene we de simmer wer yn.

 

No soene jo tinke dat d’r dan net in soad bard by de iisklup, mar neat wie minder wier. D’r waard troch de hearen fan ús bestjoer putsjes oan it gebou dien, sa skildere Hans d’r ek wer lekker op los. Wa ek wer moai makke waard wie Douwe Sim. Us iisbaan feegauto is troch ynset fan entûsjaste leden en Sim Wittebrood wer út 'e jiske werompriizgje (uit de as herrezen). Hy stiet hjoed sels foar de doar.

 

En d’r kaam goed finansjeel nijs, Afke en Monica sieten dit jier nochal op de sinten. Mei as gefolch in subsydzje fan de gemeente Súdwest Fryslân fan € 560,-. It ministearje (ûnder de nûmer fan de BOSA-regeling) kennen sels € 5.139,03 ta. Mei de € 1.000,- skinking fan de Oranjevereniging en de € 421,73 fan de Rabobank Clubsupport komme we út op in finansjele meifaller fan sa’n € 7.120,-.

 

Jild dat we it leafst wer ynsette foar iiswille! Lit de winter mar komme!!   M.J.



advertentie