Prikbord

Bent u een inwoner van Top en Twel en wilt u ook een oproep of advertentie plaatsen in deze rubriek?

2021-06-25 19:30:26
vrijdag 25 juni 2021

Toanielferiening 'Fordivedaesje' siket oefenromte

It doel wie om yn maaie 2020, 75 jier nei de befrijïng, it toanielstik "It Deiboek Fan Anne Frank" te spyljen mar troch de Corona-pandemie koe dat net trochgean. Ek dit jier siet dat der net yn mar wy hoopje dat wy yn 2022 dochs einliks dit prachtige en yndrukwekkende stik foar jim op de planken bringe kinne. 

Wa helpt ús de winter troch? 

Wy sette yn septimber wer útein mei de rippetysjes foar "It Deiboek Fan Anne Frank". 
Wy hiene yn 2019 by de famylje Brunsmann in hiele moaie romte fûn om te rippetearen mar spitichernôch is dizze romte kommend winterskoft net mear foar ús beskikber. 
Wy sykje derom in oare oefenromte foar de perioade fan septimber 2021 oant maaie 2022.
Dat hâld yn: in romte fan sa'n 10 x 10 kante meter grut, leafst mei ferwarming, wêr't it folsleine dekôr yn opboud wurde kin en stean bliuwe kin oant maaie 2022 en wêr't de spilers twa as trije jûnen yn 'e wike (en in pear kear op sneon) rippeteare kinne. 

As jo foar ús sa'n romte hawwe of immen witte dy't ús hjir oan helpe kin dan heare wy dat hiel graach fia in tillefoantsje nei Hans Rink Bergsma, 06-51068340, of in mailtsje nei secretariaat.fordivedaesje@gmail.com


advertentie