advertentie
Kinwolwerris
Kinwolwerris is ûntstien as gelegenheidstrio út de koaren Top&Twel-Sjongers en Kommer en Kwel. Renie van der Molen en Afke Galama wiene earst tegearre, letter is Dicky Riemersma der noch by kommen foar de sang. Yn dizze setting spylje sy no sa'n twa jier.
Neffens sjonger en gitarist Dicky Riemersma makket Kinwolwerris muzyk mei in soad wille, ideaal foar de saneamde 'tredde helte'.
Mei in optreden fan 3 nûmers yn de útstjoering fa n Noardewyn Live makke Kinwolwerris yndruk. 'Dat hat al in soad réaksjes opsmiten', lit Afke ús witte.
It trio hat ek al in ridlik folle agenda mei optredens hjir en dêr. 'We krije it noch drok!', sa seit Afke laitsjend.