2024-02-20 11:58:55
dinsdag 20 februari 2024

Foar it twadde jier op rige gjin toaniel by Fordivedaesje troch tekoart oan spilers

It is winter en dus gewoanwei it heechseizoen foar it Fryske amateurtoaniel. Tsientallen Friezen krûpe de kommende wiken wer yn de hûd fan fiktive personaazjes. Mar yn guon sealen bliuwt it stil. Kopsoargen oer de besetting binne der ûnder oare yn Top en Twel. De dekoraasje fan de krystdagen stiet noch op it poadium en de stuollen steane yn opslach fan doarpshûs It Harspit.

It is in treurich gesicht foar de spilers fan toanielferiening Fordivedaesje, want sy hiene no drok dwaande wêze moatten mei de tariedings foar harren maitiidsstik. Mar foar it twadde jier op rige kin it net trochgean. In tekoart oan spilers is it grutste euvel, fertelt bestjoerslid Hans Bergsma. "Gewoanwei spylje we yn febrewaris foar ús Top en Twelster publyk, mar no foar gjinien. Foarich jier ek al net en dat is hiel spitich." 

Lang is der socht nei minsken om de rollen te ferfoljen en doe't it lang om let rûn like te wêzen, sei de regisseur ôf. In bittere pil foar de klup, want de ferwachtings wiene heech. Twa jier lyn sette de feriening noch in grut stik del mei in bewurking fan it 'Deiboek fan Anne Frank'. Bergsma tinkt dat it gebrek oan animo komt troch de drokte dy't in soad minsken ûnderfine yn har libben. "Gjin tiid" is de meast hearde reden om de toanielferiening ôf te sizzen. "Minsken ha it te drok mei it wurk, de stúdzje of se geane in skoft nei it bûtenlân ta."

"It is wolris faker lestich om spilers te finen, mar it is wol altyd slagge. No net."

It is se yn Top en Twel net earder oerkaam dat se it der sa dreech mei hienen. "Us feriening bestiet no sa'n 45 jier en alle jierren ha we wol in stik spile, soms sels twa. It is wolris faker lestich om spilers te finen, mar it is wol altyd slagge. No net."

Net allinnich yn it Frysk?
By koepelorganisaasje Iepen Doek komme de ferhalen sa as út Top en Twel net út de loft fallen. It algemiene byld fan it amateurtoaniel yn Fryslân liket goed, mar de besetting sawol op it poadium as yn de seal kin hjir en dêr wol in triuwke yn de rêch brûke."It binne útdagings foar elkenien dy't mei frijwilligers wurket", seit Tineke Hemminga fan Iepen Doek. "Kinne we genôch minsken fine, benammen foar bestjoeren? Minsken wolle har net graach ergens oan bine."

Wurkje op projektbasis is oars, fernimt Hettinga. "Dat wolle minsken wol, dat is te oersjen: in healjier meidwaan mei repetysjes en in pear kear spylje. Dêrnei is it wer foarby. Mar it is moaier as je op elkoar ynspile reitsje en wat opbouwe kinne." Hemminga hat fierder noch in idee hoe't ferieningen oan mear spilers komme kinne: mear stikken yn streektalen of inkelde Nederlânske rollen derby. Fryske doarpen hawwe nammentlik ek in soad ferskaat oan talen. Folslein Fryske stikken kinne minsken ôfskrikke dy't de taal net hûndert prosint machtich binne. "Dat is krekt as yn it echt: soms praat de ien Frysk en praat de oar Hollânsk werom. Dat soe yn de stikken ek kinne", beslút Hemminga.

Boarne: Omrop Fryslân


advertentie