2023-01-22 12:39:54

Aldereinmiddei mei gastsprekker Sieds Laanstra

maandag 20 februari 2023 Plaats: MFC It Harspit Aanvang: 14:00

Op moandei 20 febrewaris organisearret It Harspit in Aldereinmiddei.

Wer eefkes âlderwetsk gesellich byinoar komme ûnder it genot fan in bakje kofje, thee of wat oars.

As gastsprekker hawwe wy Sieds Laanstra (Noardein) útnoege. Sieds komt fertellen oer syn resjerzjewurk by de plysje en oer syn tiid dat hy foar syn wurk op Sint Maarten siet.

Wat ús oanbelanget in tige nijsgjirrige lêzing. Jim binne fan herte wolkom!

Wy begjinne om 14.00 oere. Tagong is fergees, de konsumpsjes binne wol foar eigen rekken.

Oant sjen yn it Harspit!

Groetnis, Evenementencommissie MFC It Harspit


advertentie