2023-05-06 07:31:12

Theater: ‘De Emigrant’

vrijdag 10 november 2023 Plaats: MFC It Harspit Aanvang: 20:00

De earste foarstelling fan Pier21 oer in Fryske emigrant, dy’t 50 jier lyn de oseaan oerstuts nei Kanada, opnij ferteld.

“My whole life homesick, noait wer werom west.”
De Emigrant komt nei 10 jier werom! Ta eare fan it jubileum fan Pier21 wurdt De Emigrant opnij ferteld, nei it orizjinele ferhaal fan Romke Toering, no regissearre troch Jos Thie. Mei Freark Smink, Theo Smedes en Amin Ait Bihi.

De Emigrant giet op 27 oktober 2023 yn premjêre en is dêrnei rûnom yn Fryslân te sjen. De foarstelling spilet op freed 10 novimber yn MFC It Harspit. Mis it net!

Oer de foarstelling De Emigrant
De foarstelling fertelt it ferhaal fan Sybolt de Haas, in Fryske emigrant dy 't 50 jier lyn alleryl de oseaan oerstuts nei Kanada. Hy hat it as emigrant net maklik hân. Mar it is him slagge om in aardich grut en goedrinnend boerebedriuw op te bouwen.

De Haas is nea werom gien nei Fryslân. Hy woe net, seach der tsjinoan, wie der miskien wol bang foar. No 't er pensjonearre is, is der de gelegenheid om gehoar te jaan oan de winsk fan syn ferstoarne frou: hy makket in reis nei syn roots yn de Greidhoeke yn Fryslân. Syn soan moat foar it earst allinnich it bedriuw draaiende hâlde.Twa aventoeren tagelyk. De reis nei Fryslân wurdt foar de emigrant op alle flakken konfrontearjend.

Sjoch foar mear ynformaasje en beskikbere kaarten op de folgjende websides:

YnformaasjeDe Emigrant - Pier21 NL
Kaarten:  VanPlanTickets

 

De Emigrant - opnij verteld - Teaser

De eerste voorstelling van Pier21 over een Friese emigrant, die ruim 50 jaar geleden de oceaan overstak naar Canada, opnieuw verteld.

advertentie