2026-01-30 19:18:31
vrijdag 30 januari 2026

It Durk de Jager Trije Bandertoernoai yn it kafee is los

Twa wykeinen lang stiet de striid op it biljertlaken wer sintraal yn Kafee De Buorren. It bestjoer én it kafee binne der hielendal klear foar, want fannejûn om 19.00 oere is de 26e edysje fan it biljerttoernoai úteinset mei de earste partijen.

Sa’n sechstich dielnimmers, ferdield oer fjouwer poules, geane hjoed, sneon en snein de striid oan foar in plak yn it finalewykein. It wedstriidskema en de útslaggen binne te folgjen op Topentwelonline.nl.

En fansels: elkenien is fan herte wolkom om yn it kafee lâns te kommen en it toernoai ‘live’ mei te meitsjen!



advertentie