2021-11-08 13:27:24
maandag 8 november 2021

Moaie fangst Tsjerkewyk

Wat soarte fisk dit is en oft syn mjitte oan de grutte kant is of just normaal, dat kinne we jo net fertelle. Mar wol dat er 88 sm lang is en juster yn ‘e Tsjerkewyk fongen waard troch in beppesizzer fan frou Feringa (Noardein). Roel Bruinsma (Tsjerkebuorren) seach it barren en stjoerde ús dizze moaie foto.

Wat ús oanbelanget is de grutske glim om ‘e snút fan dizze jonge fisker al reden genôch foar in plakje op topentwelonline.nl.


advertentie