2021-12-08 21:19:21
donderdag 9 december 2021

Cobe van der Meer hopet sneon har 100ste jierdei te fieren

Sneon 11 desimber hopet ús doarpsgenoate Cobe van der Meer-de Jager 100 jier te wurden. In bysûndere dei en barren foar frou Van der Meer en har famylje. Yn har bejaardewenning oan de Kappenburch kin sy har noch hieltyd selsstannich en yn goede sûnens rêde. Hoe moai is dat! 

As 100-jierrige kinne jo rekkenje op in soad omtinken. Moai fansels, mar it moat ek wer net te drok oan de doar wurde, en al hielendal net yn dizze tiid. Dêrom freget de famylje oan eltsenien dy’t in kaartsje, presintsje of in oare attinsje hat dit lâns te bringen by de bern fan Cobe. Dit kin by Cor (Tsjerkebuorren 10) of by Pier (Broerstrjitte 23). Ek stiet der in koer by de Centerrr foar Cobe. 

Sa kin de famylje alles yn ien kear nei har mem/beppe bringe en op dizze wize der in prachtich jierdeifeest fan meitsje. Kinne wy rekkenje op jim begryp?


advertentie