2022-01-22 12:54:18
zaterdag 22 januari 2022

MFC It Harspit stipet de aksje ‘#opencultuur’

Opnij lit de kulturele sektor yn Fryslân in lûd hearre dat sy sa gau as mooglik wer iepen wolle, diskear op de sosjale kanalen en paginagrut yn it Frysk Deiblêd en de Ljouwerter Krante. It kulturele libben yn musea, teaters en ek yn doarps- en buerthuzen leit troch de strange koronamaatregels al wer in hiel skoft stil en dat kin sa net langer.

De kulturele sektor is der fan oertsjûge dat sy op in feilige en ferantwurde manier wer iepen kinne. Sy ha earder sjen litten dat dit kin.

Ek It Harspit docht mei oan de aksje '#opencultuur'. Yn ús doarpshûs leit it kulturele en ek in diel fan it ferieningslibben al hast twa jier sa goed as stil. Eveneminten en foarstellingen wurde ôfsein of moatte hieltyd wer útsteld wurde. Lege aginda's binne net goed foar it sosjale libben yn ús doarpen. 

 


advertentie