2025-06-15 20:36:02
maandag 16 juni 2025

Wybren, Kevin en Ruurd fytse 9.600 euro byinoar tsjin Huntington

Noch eefkes werom nei pinkstermoandei, de dei fan de fytsalvestêdetocht, wêr't Wybren Valkema  mei syn maat Kevin Spijksma in missy hienen, nammentlik sa folle mooglik jild byinoar fytse foar ûndersyk tsjin de sykte fan Huntington.

Wybren is soan fan Wybe en Riemke Valkema, by in soad Top en Twelsters wol bekend, want Riemke Atsma is hjir hikke en tein. Krekt as har mem is Riemke troffen troch de sykte fan Huntington, in erflike spiersykte wêr noch gjin behanneling foar mooglik is om der fan te genêzen.

Dêr is ûndersyk foar nedich en dus ek in soad jild. Wybren kaam op it idee om mei in tandem de alvestêdetocht te fytsen, net allinnich om jild yn te sammeljen, mar ek om omtinken te jaan oan dizze freeslike sykte dy't de famylje sa yn 'e besnijing hat.

De tocht op de tandem wie dreech. Wybren hat him folbrocht, mar Kevin moast yn Snits belies jaan. It lêste stik troch de Súdwesthoeke hat neef Ruurd Atsma meifytst. Mar it belangrykste is dat der mar leafst 9.600 euro ynsammele is, op karakter dat wol, want hielendal opjaan wie foar de mannen gjin opsje en dêrmei kin dizze missy as slagge beskôge wurde.


advertentie