2026-11-01 12:10:51
zondag 1 november 2026

Wolkomstboerd DFM jout gemeentegrins oan, mar net ús doarpsgrins!

Wa't rjochting De Jouwer rydt of fytst, wurdt by De Hoarse derop wiisd dat wy wolkom binne yn de gemeente De Fryske Marren (DFM). Wêrom dat sûnt koart mei in boerd dúdlik makke wurde moat, is ús net bekend. Dat wolkomgefoel is der ommers wol, of better sein: wy hawwe nea it gefoel hân dat wy net wolkom wiene.

Foar ús doarpen makket it foar de skoalle, de tsjerke, it ferieningslibben en ek Topentwelonline neat út yn hokker gemeente ús ynwenners wenje, ek al wenje jo krekt efter Twellingea yn Boarnsweach. Mocht Súdwest-Fryslân no ek fan doel wêze oan de oare kant fan de dyk in boerd yn 'e grûn te slaan, wit dan dat wy ien doarpsmienskip binne en dat it oanjaan fan in gemeentegrins dêr neat oan feroaret.

Miskien fine de amtners yn it gemeentehûs op De Jouwer it sels wol noflik om te witten wat harren wurkgebiet is, mar sa'n boerd docht wol wat ôfbrek oan de natuerlike grins tusken ús gemeenten, nammentlik it wetter.


advertentie