2022-03-24 21:13:29
donderdag 24 maart 2022

Durk de Jager Trijebannetoernoai wer los!

Freedtejûn set it Durk de Jager Trijebannetoernoai útein in ytkafee De Buorren. Dit biljerttoernoai moast in pear kear útsteld wurde, mar kin no as in maitiidsedysje dan einlings plakfine. En mei goed 50 dielnimmers kinne it wer twa moaie wykeinen yn ús doarpskafee wurde.

it kompetysjeskema is te finen op Topentwelonline en dêr wurde ek de útslaggen byholden. It bestjoer lit witte dat de begjintiden fan de wedstriden sa út en troch feroarje kinne. Oan de dielnimmers wurdt dan ek frege it skema goed yn de gaten te hâlden en in pear oeren yn it foar eefkes de begjintiid fan de wedstriid te kontrolearjen.

Elkenien wurdt in moai biljerttoernoai tawinske en publyk is fansels fan herte wolkom!


advertentie