2022-04-13 17:37:18
woensdag 13 april 2022

Er zijn nog kaarten verkrijgbaar voor 'It Deiboek fan Anne Frank'

Over ruim één week gaat het eindelijk gebeuren: Toanielferiening Fordivedaesje speelt 5 keer het zeer bijzondere stuk  'It Deiboek fan Anne Frank' in It Harspit. Nog geen kaart? Wees er snel bij! Er zijn nog kaarten verkrijgbaar voor vrijdagavond 22 april, zondagmiddag 1 mei en woensdagavond 4 mei.

Oer it 'It Deiboek fan Anne Frank'
Yn it ramt fan 75 jier befrijing soe dit stik yn it foarjier fan 2020 útfierd wurde mar de Covid-lockdown smiet in spanner yn ‘e wurken. Tige spitich want it wie de earste kear dat de Fryske oersetting fan it orizjinele Broadway-stik “Diary of a Young Girl” earne binnen op ‘e planken set wurde soe. Mar regisseur Rense Rotsma, de spilers, dekorbouwers, ljocht- en lûdminsken en produksjemeiwurkers hawwe opjaan net yn harren wurdboek stean. Sy hienen der de foarige kear al tige hurd foar wurke om fan dizze primeur in trochslaand sukses te meitsjen en mei dyselde ynset pakke sy de tried no wer op.

Fan 22 april oant en mei 4 maaie 2022 is Fordivedaesje fan doel fiif foarstelligs te spyljen yn MFC It Harspit yn Toppenhuzen. De kaarten dy't foar 2020 ferkocht wiene wurde automatysk omsetten nei in nije datum. De kaarthâlders hawwe dêroer berjocht krigen. Foar wa't nog net reservearre hat, binne der noch kaarten te keap. De foarstellings binne op freed 22, sneon 23 en snein 30 april fan 20:00-22:30. Op snein 1 maaie is der in matinee fan 15:00-17:30 en op woansdei 4 maaie (Deadebetinking) in spesjale útfiering fan 20:05-22:45.

Kaartverkoop
Kijk voor verder informatie en kaartverkoop op www.fordivedaesjetopentwel.nl.


advertentie