2022-05-08 17:26:25
zondag 8 mei 2022

Steuring Broeresleatsbrêge

Der sitte skynber noch wat bernesyktes yn de nije betsjinning fan de Broeresleatsbrêge op de Noardein of dat de boatsjeminsken harren net oan de regels hâlde. Der binne nochal wat lju dy't net it geduld hawwe te wachtsjen oant de brêge hielendal iepen draait is. Yn elts gefal gie it sneintemiddei opnij mis. De brêge woe net draaie en de slachbomen bliuwden omleech.

Guon fytsers en kuierders krûpten ûnder de bomen troch, oaren giene werom. Ek it boatsjefolk dat net ûnder de brêge troch koe, moast werom gean. Hooplik wurdt de sitewaasje gau better en kin elkenien sawol oer de dyk as op it wetter wer gebrûk meitsje fan de selsbetsjinningsbrêge sa as it heart.


advertentie