Jap Gerbens Wynja die de bemealing foardat Wytze vd Leij it yn 1970 fan him oernaam. Dêrnei hat Ane de Jong fan 1980 oan 2014 ta, doe't der in nij gemaal kaam, it behear hân. Ane, dy't fanút syn eardere funksje as wetterskipsman niget hat oan alles wat mei peilbehear te krijen hat, soe it in griis fine at it âlde geboutsje fertuteazet en hat it dêrom yn oerlis mei de feriening doarpsbelang 'adoptearre'. Hy sil it nedige ûnderhâld foar syn rekken nimme en wat âlde atributen dy't hy thús noch lizzen hat, dêr ek ûnderbringe sadat dy foar de kommende tiid bewarre bliuwe.

Gemaal Lytse Súdein
Elk dy't dêr wolris delkomt sil it grif kenne, it gemaalgeboutsje oan de Lytse Súdein. Doe't it Margriet kanaal klear wie en om dy reden de Súdein yn twaën snien waard, hie it gemaal in wichtige funksje yn it wetterpeilbehear.