2022-06-23 13:13:41
donderdag 23 juni 2022

Skoalreiske!

In bus fol skoalbern is fan ‘e moarn ôfsetten nei Atrractiepark Slagharen yn Oerisel. Dêr fiere de groepen 3 o/m 7 hjoed harren skoalreiske. En se hienen der nocht oan! 

De bern fan groep 1 en 2 hawwe west te boartsjen yn Speelbos Joure. En ek dy koenen net wachtsje om derhinne, it útswaaien fan de bern fan de boppebou duorre eins fierste lang.

Groep 8 hat hjoed dus de hiele skoalle ta eigen beskikking en kin no moai yn alle rêst en sûnder 'pottekikers' oefenje foar de ôfskiedsmusical. Want dy moat fansels noch al eefkes geheim bliuwe...


advertentie