2022-07-04 21:24:07
maandag 4 juli 2022

Boereprotest yn en om Top en Twel

Ek de boeren yn ús doarpen litte harren hieltyd mear hearre. Mei stille protesten lâns de kant fan de sneldyk A7 en it wetter by it Ges litte sy witte dat it stikstofbelied fan ús Regear yn De Haach wat harren oanbelanget it jiskefet wol yn kin. 

Al wiken binne der lanlike protesten tsjin it stikstofbelied, dat mei nammen de boeren yn ús lân bot rekket.

DIstribúsjesintrum Poiesz
Hjoed wiene yn Fryslân ferskate aksjes. By it distribúsjesintrum fan Poiesz yn Snits moast de Mobile Ienheid moandeitejûn in ein meitsje oan in blokkade fan de boeren. Der wie de aksjefierders earder op de dei al oansein om fuort te gean, mar dat diene sy net.


advertentie