2024-03-15 13:45:22
vrijdag 15 maart 2024

Earste ljipaai Top en Twel opnij foar Durk Fopma

It is Durk Fopma opnij slagge it earste ljipaai fan Top en Twel te finen. Hy fûn it aaike fannemoarn om 9.00 oere yn de Eastpolder. De fynst waard fuortendaliks melden oan de Fûgelwacht. 

Durk stiet bekend as in betûft aaisiker en it is alwer de fiifde kear dat hy it earste ljipaai fan Top en Twel fûn hat. Lokwinske Durk!

Wat de Fûgelwacht oanbelanget is de maittid no ek oanbrutsen. Tiid dus foar de ledegearkomste en die fynt kommende moandei, 18 maart, plak yn Kafee De Buorren. Oanfang 20.00 oere. Eltsenien wolkom!


advertentie