2025-10-12 17:56:42
zondag 12 oktober 2025

Sjaerdawei en Tsjerkebuorren slaan de hannen ynien

It is fan alle tiden dat der mei de doarpsfeesten leafde yn de loft sit en kupido taslaat. Sa ek op ús lêste feesten. De XXL feesten wêr't de buurten en wyken yn ús doarpen werris yn it spier moasten, hat nammentlik in kreas 'setsje' opsmiten.

De Sjaerdawei en de Tsjerkebuorren ha mekoar fûn en gean tegearre fierder. Sneontemiddei en -jûn waard dat fierd mei it earste buurtfeest, hiel tapaslik op it iisbaanterrein, it plak fan de doarpsfeesten. It feestje soe al in wike earder, mar doe wie it waar te min, en sa'n iere românse wolle je fansels net fuortendaliks op skerp sette, dus waard it in wike fersetten. As earste is de fiskwedstriid fan de Tsjerkebuorren wer yn eare wersteld en fierder wie it juster hiel gesellich en smûk ûnder mekoar yn de partytinte.

We sille de kommende tiid grif mear hearre fan Sjaerdawei-Tsjerkebuorren, in moaie ûntwikkeling en goed foar de ferbining en it mienskipsgefoel yn ús doarpen. 


advertentie