En wat wie it drok op de pôle! Safolle entûsjaste bern, sels doarpsboargemaster Visser wist net dat der safolle jongfolk yn syn eigen doarp wenne. Soene dy aanst allegear wol yn It Harspit passe? Mar earst naam Sinteklaas op de Reitsmapôle alle tiid om mei elkenien in praatsje te meitsjen. Dêrnei gie it yn in lange stoet rjochting doarpshûs It Harspit. Ek de heiten, memmen, pakes en beppes rûnen mei.
Gelokkich paste elkenien yn it doarpshûs, dêr't yn de sportseal it grutte Sinteklaasfeest fierd waard. Sa kaam der nei in spannende wike dochs noch in feestlik ein oan de yntocht yn Top en Twel.