2021-02-06 15:19:00
zaterdag 6 februari 2021

Winter: Wetterskip en provinsje nimme maatregels

De winter is kommendewei en dy kin wolris flink útpakke. Dêrom hat provinsje Fryslân fanôf sneon 6 febrewaris in farferbod ynstelt foar alle farwegen yn ús provinsje, útsein de farwegen dy't brûkt wurde troch de beropsfeart. By ús binne dat de Houkesleat en it Prinses Margrietkanaal. It ferbod giet jûn om 21.00 oere yn.

Ek Wetterskip Fryslân nimt maatregels. De wetterstân wurdt earst ferlege en dêrnei geane de measte gemalen út en de sluzen ticht. Mei dizze maatregels wolle sawol it wetterskip as de provinsje de iisgroei befoarderje. 

 

(Agyffoto út 2010 omjouwing Aldhof)


advertentie