2021-03-16 11:15:46
dinsdag 16 maart 2021

Revue fan Kommer en Kwel foarearst útsteld

Tige spitich, mar de revue 'Laat maar gaan' fan jankfoddekoar Kommer en Kwel giet foarearst net troch. De foarstelling yn it Harspit soe yn oktober plak fine. Dat is noch in hiel ein foarút, mar de tariedings moatte dan no wol begjinne en dat kin troch de corona-maatregels net.

'Drama en om te janken', sa litte se alhiel neffens de tradysje en reputaasje fan Kommer en Kwel witte. 'Mar útstel betsjut fansels gjin ôfstel. Jim hearre noch fan ús!'