2021-04-18 17:17:45
zondag 18 april 2021

Hart van Friesland klear foar it rekreaasjeseizoen

It liket derop dat in soad minsken, krekt as ferline jier, wer kieze (moatte) foar in fakânsje yn eigen lân. Rekreaasje-ûndernimmers binne dêrom al in skoft drok yn it spier om de eigen akkommodaasje wer hielendal 'spik en span' te meitsjen, want it mei de gasten oan neat ûntbrekke fansels.

Ek by Hart van Friesland wurdt it stadich oan wer drokker. De boaten binne út de winterstalling helle en de earste gasten binne al wolkom hjitten. It paad bjuster reitsje op it kompleks is der yn elts gefal net mear by. Nijste oanwinst is in kreaze oersichtlike plattegrûn by de yngong fan it wettersportsintrum.

Hooplik komt der meikoarten ek wer mear romte foar de horeca, sadat alle restaurants, kafees en terrassen wer iepen kinne. Fakânsje of net, dêr binne wy mei syn allen wol wer oan ta!


advertentie