2021-06-05 06:48:25
zaterdag 5 juni 2021

Bou sinnepark Toppenhuzen kin gewoan trochgean

It wurk oan in sinnepark by Toppenhuzen kin wer trochgean. Earder lei it bedriuw Powerfield de oanlis fan it sinnepark noch stil, om't der ûndúdlikheid wie oer de fergunningen.

Powerfield wie in moanne lyn úteinset mei it 'bouryp' meitsjen fan it park, wylst de perioade om in sjenswize yn te tsjinjen noch rûn. Dat smiet fragen op by doarpsbelang en guon partijen yn de gemeenteried. Dy mienden dat de omjouwingsfergunning der ek noch net wie.

Powerfield hie wol fergunning
It kolleezje fan Súdwest-Fryslân seit no dat Powerfield de fergunning wol deeglik al hie. Dy is nammentlik yn novimber fan 2019 al ferliend oan it bedriuw, en nei in útspraak fan de rjochtbank yn desimber 2020 definityf wurden.

Der sitte noch wol betingsten oan dy fergunning. Dat hat te krijen mei de wet-Bibob. Dy wet giet ûnder oare oer feilichheid. En wylst de fergunning fierder 'onherroepelijk is', stie der wol by dat it bedriuw de fergunning pas brûke mei as dy definityf is.

Park yntusken 'bouryp'
Mar dy tekst stiet der standert by, dat hie net moatten, seit it kolleezje. "Wy hiene dit better útlizze moatten, want no is de yndruk ûntstien dat de folsleine fergunning wer yn besprek lei. Dat is in fersin. De fergunning stie al earder fêst."

It park is yntusken 'bouryp'. De echte bou moat noch wol begjinne.

(www.omropfryslan.nl)


advertentie