2021-07-07 11:16:50
woensdag 7 juli 2021

Groep 8 derút!

Nei alle drokte fan it ôfrûne skoaljier binne de bern fan groep 8 klear foar harren mear as fertsjinne simmerfakânsje. Justerjûn stienen se noch te ‘shinen’ op it poadium as follearde musical stjerren en hjoed waarden se ien foar ien de skoalle útsmiten. Mei de tradisjonele dûk yn ‘e fiver is de tiid op 'e basisskoalle echt foarby.

In hiele moaie fakânsje tawinske, eks-8ste-groepers, en sukses op jimme nije skoalle!


advertentie