It probleem is net iens sa bot de silerij sels, mar it tafersjoch lâns de wâl dat der gijn publyk op de wedstriden ôfkomt. It kampioenskip is dêrtroch net feilich te organisearjen.
Dit is ek in tsjinslach fansels foar de bemanning fan 'ús' Top&Twelster skûtsje. De tarieding op de wedstriden wie al folop uteinset. It skûtsje soe dit jier útkomme yn de B-klasse.
Ek is der in streek set troch it SKS kampioenskip.

IFKS silerij opnij skrast
It ljocht stie al op grien, mar troch de oprinnende coronabesmettingen kin ek dit jier it IFKS kampioenskip net troch gean. En dat is in flinke klap foar de organisaasje en alle dielnimmers.