2021-09-16 19:16:03
donderdag 16 september 2021

Happy Stones út Top en Twel kinne oaral opdûke!

Die ien skildert of tekent se, de oar fynt se. Happy Stones binne der al in skoftke en elkenien sil der sa njonkenlytsen wol bekend mei wêze. Guon sammelje dizze fleurig fersierde stiennen, de oar leit se op in plakje del foar immen dy't wol eefkes in opkikker brûke kin.

Op besite by har mem yn Toppenhuzen fûn Marjan Schraa dizze Happy Stone by de doarpswinkel Centerr, doe't se even in pear boadskippen die. Marjan hat de stien mei nei hûs nommen en no swalket dizze Happy Stone út Top&Twel om yn Hallum en omkriten, sis mar it noardlike part fan ús provinsje. Dyjinge dy't dizze stien beskildere hat, sil dêr grif wiis mei wêze.


advertentie