2021-10-16 08:39:17
zaterdag 16 oktober 2021

Fordivedaesje nimt de tried wer op

"Wy binne wer los!", sa litte se by toanielferiening Fordivedaesje witte. Nei mear as oardel jier stilsitte binne de rippetysjes foar it stik 'It Deiboek fan Anne Frank' einliks wer oppakt. Fordivedaesje skriuwt hjiroer it folgendje:

"Mei in protte nije moed en in twatal nije spilers binne wy ôfrûne wike wer útein set om ús ta te rieden op de foarstellings dy't wy fan doel binne te spyljen yn de perioade fan 21 april oant en mei 4 maaie 2022. Hjiroer folget letter mear ynformaasje. 

Wy ha ek in nije oefenromte fûn: wy binne tige bliid mei de meiwurking van de direkteur fan de skoalle en bestjoer en behearder fan It Harspit wêrtroch wy de kommende moannen rippeteare kinne yn ús moaie doarpshûs!

Hâld ús Facebook-side yn 'e gaten. Meikoarten folget mear nijs oer de spyldatums en hoe en wat mei de tagongsbewizen."


Mear oer it 'It Deiboek fan Anne Frank' is te finen op de webside fan Fordivedaesje.

(Foto's: Facebook Fordivedaesje)

 


advertentie