2024-06-17 22:43:41

Theater Pier21- ‘Krijst der safolle foar werom’

zondag 17 november 2024 Plaats: MFC It Harspit Aanvang: 15:00

Fan oktober ôf reizget Pier21 mei de nije foarstelling Krijst der safolle foar werom troch hiel Fryslân. Op snein 17 novimber komt dit stik nei it Harspit. Oanfang 15.00 oere, seal iepen 14.30 oere.


Oer de foarstelling: 

Dizze nije tragikomeedzje fan Pier21 giet oer it wichtige tema spytmem, winskâlden en grutbringe. Under regy fan Mara van Vlijmen en tekst fan Ali Zijlstra spylje Anna Raadsveld en Benno Veenstra broer en sus dy ’t in nachtlike konfrontaasje mei-inoar oangean oer bernewinsken, spytmemmen en âlderskip.

It is trije dagen foar kryst. Elkenien is drok dwaande mei tariedingen foar de feestdagen. Dit jier is it ekstra spannend want: Frank makket spesjaal foar it doarp in krystmusical mei jonge bern. De repetysjes binne yn folle gong. Yn alle hektyk ûntdekt Djoeke, syn suster, dat se opnij yn ferwachting is. Dêr skrikt se enoarm fan en se kin net langer fuortdrukke wat se eins al hiel lang fielt: se wol gjin mem wêze. Frank dêrfoaroer wol neat leaver as tegearre mei syn man âlders wurde. Wat folget is in lange nacht (yn it dekôr fan de krystmusical foar bern) dêr ’t harren tsjinstelde (berne)winsken yn botse: Harren ideeën oer harren eigen âlden en jeugd en oer wat it betsjut om sels âlder te wêzen.

Klik foar de kaartferkeap op: Kies tickets - Ticketpoint (vanplan.nl)

 


Geplaatst door: MFC It Harspit

advertentie