Op 14 desimber is it wer safier. Yn gearwurking mei Kafee De Buorren organisearret it Harspit wer it Krystdiner foar eltsenien yn Top en Twel. Yn in fertroude omjouwing mei elkoar in hapke ite, in gleske drinke en dat alhiel yn krystsfear.
Sieger en Trees soargje der wer foar dat der allegear lekkernijen op tafel komme, yn trije gongen. Jou jim dus gau op foar in noflik jûntsje út iten yn eigen doarp. Lit jim ferwenne!
e-mail: evenementen@itharspit.nl
tillefoan: 06-1525 5333