2025-12-26 18:10:48
vrijdag 26 december 2025

Kin de IIsbaan moarnier iepen?

It wurdt spannend foar IIsclub Rept U, want kinne we dit jier noch ride op de iisbaan? Fannemoarn is Jan Booy fan it bestjoer oan it mjitten west en der leit no in laach fan 5 sintimeter op de baan, mar dat is net genôch.

Der moat op syn minst 6 sm lizze en it leafst fansels mear. Noch ien nacht froast, dan kin it miskien, mar moarn gean yn de rin fan de dei de temperaturen ek alwer rap omheech en is it foarearst wer eefkes dien mei dit winterke. 'Fingers crossed' dus foar Rept U. 


advertentie