2026-07-13 07:16:19
vrijdag 17 juli 2026

Top en Twelster skûtsje sa goed as klear foar de IFKS

It ôfrûne wykein is hurd wurke om it Top en Twelster skûtsje De Twee Gebroeders wer yn topkondysje te krijen foar de IFKS.

By Hooghiemstra BV is it skip op 'e kant set en skjin makke. Marten Postma fan Postma Mechanics hat in nije skroefas makke mei in nije skroef. Skipper en bemanning binne tige tankber mei de help fan dizze twa sponsoren yn de tarieding nei de wedstriden fan it IFKS-kampioenskip.

De bemanning hat de swurden noch ûnder hannen nommen en de skea, ûntstien troch it stoarmwaar fan in skoftke lyn, is bywurke.

"We binne hast klear foar de IFKS", lit de bemanning witte. De earste wedstriid is op 1 augustus op it Iselmar by Hylpen.


advertentie