2021-11-04 14:02:36
donderdag 4 november 2021

Measte delslach fan oktober falt yn Toppenhuzen

Oktober wie in tige wiete moanne. Foaral yn it súdwestlike part fan ús provinsje is in soad delslach fallen, folle mear as trochsneed yn oktober.

Neffens it KNMI is der yn Toppenhuzen it measte reinwetter fallen. De reinmjitters stopten ôfrûne moanne pas by 163 millimeter. Op 21 oktober is der yn 24 oeren tiid mar leafst 67,3 millimeter by ús ôftape en dat is in rekord sûnt 1900 op it Fryske fêstelân.

At wy earder koprinner west hawwe, is ús net bekend. Ek net wêr de waarnimmings fan ús doarpen weikomme.

 


advertentie