2021-11-07 16:56:18
zondag 7 november 2021

IIsbaan stiet wer ûnder wetter

Ofrûne wike is de iisbaan oan de Sjaerdawei wer ûnder wetter set. Fansels hopet IIsclub Rept U dat we wer krekt sa'n winter krije as begjin dit jier. Doe koe der wer folop riden wurde op de iisbaan en ek wer eefkes op de bûtenwetters, want dat bliuwt foar de leafhawwers dochs it moaiste. 

Ek hopet IIsclub Rept U yn it nije jier it 150 jierrige bestean fan de feriening fiere te kinnen. Op 22 jannewaris sil it jubileumfeest plak fine yn It Harspit mei gastsprekker Erik Hulzebosch. Mar earst is elkenien wolkom op de ledegearkomste oer twa wiken, op 22 novimber, yn Kafee De Buorren.


advertentie