It wie juster in útsûnderlik waarme dei mei rom 30 graden en ek yn de jûntiid en nacht wie it soel. Logysk dat guon de ferkuolling fan it wetter opsochten. Nei hjoed ek noch in waarme en broeierige dei sil it waarbyld de kommende dagen wer oars wêze.

Prachtige sinneûndergong yn Twellingea
Wiepkje Renema en Anne Tjeerd de Jong stjoerden ús dizze prachtige foto's ta fan de sinneûndergong fanôf it Prinses Margrietkanaal op nei de Brekken. "In geweldich skouspul" sa litte Anne en Wiepkje ús witte. "Dit wolle wy de Top en Twelsters net ûntnimme!"