2021-11-17 10:18:51
woensdag 17 november 2021

'Breicafé' giet troch

It ‘Breicafé’ fan oankommende freed (19 nov.) giet troch mits elkenien de koroana regeljouwing yn acht nimt. Dat hâldt dus yn dat it nedich is dat jo faksinearre binne en dat der in QR koade en legitimaasje sjen litten wurde moat. Boppedat is der mar romte foar maksimaal 15 persoanen, hâldt hjir al eefkes rekkening mei!

It is oanpassen oan in lêstige situaasje, dat is dúdlik, mar hooplik kin elkenien hjir begrip foar opbringe.


advertentie