2021-11-18 21:14:09
donderdag 18 november 2021

Follybalsters sykje trainers/trainsters

De famkes A en it frouljusteam 6 fan follybalferiening Top en Twel wolle wer traine en wedstriden spylje en binne dêrom op syk nei in entûsjaste trainster of trainer.

It sechsde team fan de froulju moast har begjin dit seizoen noch werom lûke út de kompetysje omdat der earst net genôch spylsters wiene, mar der stiet wer in nij team en no wolle se wer graach los.

Ek foar de famkes is der op it stuit gjin fêste train(st)er en dat moat fansels oars. Beide teams koene troch de coronaregels ek al lange tiid net spylje. De famkes traine op tiisdei fan 17.30 oant 19.00 oere, de froulju op woansdei fan 20.30 oant 22.00 oere.

Wa binne dizze entûsjaste trainers of wa kin dizze teams fierder helpe?
- Foar de famkes stjoer in e-mail nei jeugd@volleybalverenigingtopentwel.nl.
- Foar it frouljusteam stjoer in e-mail nei marjoleinpostmaboven@gmail.com.

 

Foto's: https://volleybalverenigingtopentwel.nl/

 


advertentie