2021-11-28 19:48:01
zondag 28 november 2021

Ek foar Sinteklaas wie it wer grut feest yn Top en Twel

Krekt as ferline jier kaam Sinteklaas mei syn Piten wer op besite by de bern yn Top en Twel. Spannend fansels at Sinteklaas samar by dy thús op 'e stoepe stiet, mar de kadootsjes soargen sa as altyd wer foar bliere gesichten. 

Ek kaam Sinteklaas del by guon ynwenners, dy't wol eefkes in opkikker brûke kinne yn dizze tiid en dat wie foar dizze minsken in grutte ferrassing. Dizze besites waarden dan ek tige wurdearre.

Sa wie it al mei al wer in prachtich en tige fleurich Sinteklaasfeest yn ús doarpen, mei tank oan it team fan Top en Twel Actief!

(Foto's: Top en Twel Actief)

 


advertentie