2021-12-03 09:26:45
vrijdag 3 december 2021

Fan 't jier wer gjin muzikaal Krystdiner

Efter de skermen wie de organisaasje stikem wei al wer drok dwaande mei de tariedings foar it muzikale krystdiner. Mar lykas ferline jier kin it spitigernôch ek dizze kear net trochgean. It is sa goed as net te dwaan om it feest neffens de oanskerpe koroana maatregels te organisearjen. Alle plannen en ideeën moatte dus noch langer bewarre wurde.

Fansels al wer wat in domper omdat it al de twadde kear op rige is. Mar de organisaasje bliuwt optimistysk en seit: “Oar jier probearje we it gewoan opnij.”


advertentie