2021-12-03 11:11:58
vrijdag 3 december 2021

Grut feest op skoalle!

Sinteklaas en in pear fan syn Piten hawwe fan 'e moarn dochs wat tiid fûn om by kbs It Harspit lâns te gean. Samar ynienen kamen se oer it dak draven om mei muzyk de bern op it skoalleplein te begroetsjen. 

Nei in rûntsje lâns alle klassen mei foar elkenien wat lekkers en in kadootsje, moasten Sinteklaas en de Piten wer gau fierder.

Mar it mist net dat it feest de rest fan de dei noch wol duorje sil. 


advertentie