2021-12-07 19:36:07
dinsdag 7 december 2021

'Op de fyts nei Snits troch it Rasterhoffpark'

Gemeente Súdwest-Fryslân liket der serieus wurk fan te meitsjen om it fytspaad nei Snits om te lizzen. It fytspaad soe dan komme moatte oan de oare kant fan de A7 tusken de Broeresleatsbrêge en de Wâldfeartsbrêge. Dan hoege fytsers net mear de oerstek oer de drokke rotonde by de rûnwei te meitsjen. 

Foar fytsers is dizze oerstek no al dreech en troch it tanimmende autoferkear wurdt dat der net better op. Somtiden smyt dat gefaarlike sitewaasjes op. Der is ek praat oer in fytsbrêge oer of in fytstunnel ûnder de rotonde troch, mar dat is te yngripend en liket dus net helber.

In stik fan it nije fytspaad soe dan komme moatte neist de Rasterhoffparkleane, it dykje nei it Van der Valk Hotel ta. Der moatte noch saken ûndersocht wurde, bygelyks wêr kabels en leidingen lizze, mar at alles trochgiet betsjut dat dat der in oare fytsrûte nei de stêd komt, dus net mear de Lorentzstrjitte bylâns en oer de Toppenhústerdyk. Dat sil grif eefkes wennen wêze foar de Top en Twelsters.

Files op de rûnwei
Foar de ferkearsdrokte op de rotonde en de taritten hat de gemeente foarearst nog gjin definitive oplossing. De drokte soarget mei namme yn de spits foar files oan beide kanten op de rûnwei. It ferkear stiet hieltyd faker stil op de rûnwei en dat is gefaarlik. Fanút de gemeentepolityk binne der al jierren soargen oer dizze sitewaasje.

De gemeente lit witte dat der wurke wurdt oan in tydlike oplossing. De tarit fanôf de A7 nei de rotonde soe dan ferdûbele wurde moatte en der komt dan ek in ekstra rydstrook op de rotonde. De ferwachting is dat it ferkear op de rotonde dan better trochstreame kin, sawol út de rjochting Boalsert as De Jouwer. Begjin takom jier wurdt dúdlik at dizze tydlike oplossing der komt.


advertentie