'No is beppe sljocht op kaartsjes', sa lit beppesizzer Elja van er Meer witte. 'It soe prachtig wêze at minsken freed eefkes in kaart of in lytse attinsje by har troch de briefebus smite wolle. Sa kinne wy derfoar soargje dat it foar beppe dochs noch in ûnferjitlike jierdei wurdt'. It adres is Kappenburch 33.

Cobe van der Meer âldste inwenner fan Top & Twel
Cobe van der Meer-de Jager (Kappenburch) is op it stuit de âldste inwenner fan Top en Twel en takom freed hopet sy har 99e jierdei te fieren. Mar spitigernôch kin dizze jierdei yn coronatiid net mei famylje en freonen fiert wurde.