2021-12-21 18:29:12
dinsdag 21 december 2021

Winterske koartste dei

De sinne giet betiid ûnder op dizze koartste dei fan it jier (21-12-21). Neffens in soad minsken geane wy dan de 'goede kant' wer op.

Nei al dat grize en skiere waar fan de lêste dagen, wie dizze winterske dei mei folop sinne en in strakke blaue loft suver in kadootsje ek al wie it mar koart. Dan is der net folle nedich foar in tin flueske iis op de iisbaan. Is dit de opmaat nei mear winter?


advertentie