2022-01-22 16:39:31
zaterdag 22 januari 2022

Nagelnij ûnderkommen foar ‘Hondentrimsalon Marije’

Megagrutsk is Marije Overwijk-Pander op har nije trimsalon foar hûnen yn Twellingea. Hjoed, op Marije har jierdei, waard de nije salon oan de Buorren/Smidsdaam offisjeel iepene mei it trochknippen fan it lintsje troch doarpsboargemaster Visser. 

Marije hat al tolve jier ûnderfining as diplomearre hûnetrimster. Dêrneist wurket sy noch ien dei yn'e wike foar in bistedokter yn Balk. Fanôf 2016 hat Marije al har trimsalon thús yn Twellingea, mar in nij ûnderkommen oan hûs wie har grutste winsk.

Twa jier lyn gie de earste peal fan de nije salon de grûn yn. Marije fertelt dat se it oan tiid dien hawwe. "We hiene gjin deadline of sa, mar woenen ek wer net jierrenlang yn de ferbouerij sitte".

Marije trimt ek noch hûnen yn Balk, mar dat hat se stadich oan wat mindere, sadat se mear tiid hat foar har eigen hûnetrimsalon thús. Marije: "Ik moat in kar meitsje en ik ha safolle nocht oan om yn dizze nije romte oan it wurk te gean". "En mei twa lytse bern is it ek wol wer noflik om mear thús te wêzen".

It resultaat mei der dan ek wêze. In prachtige salon, dy't oan alle winsken fan dizze tiid foldocht. In moaie oanwinst foar ús doarpen. It kin aanst samar wêze dat hûnen net mear werom wolle nei har baaske, sa ha se it nei it sin by Marije! 

Sjoch ek:
https://hondentrimsalonmarije.nl/ of  
https://www.facebook.com/Hondentrimsalonmarije


advertentie