2022-03-16 12:04:40
woensdag 16 maart 2022

Earste ljipaai fan Top&Twel fûn troch Jan Nauta

It earste ljipaai fan Top en Twel is fûn troch Jan Nauta (Greate Sudein). Hy fûn it aaike fannemoarn om 10.48 oere efter hûs yn in stik greide fan de Sjuwepolder. De fynst is troch de Fûgelwacht fan Toppenhuzen-Twellingea befêstige.

Lokwinske Nauta mei dizze fynst!

It fjild is no ek sluten foar folwoeksenen. Allinnich de jeugd mei it lân noch yn om it earste ljipaai te sykjen, sa lit de Fûgelwacht witte.