2022-03-21 11:46:32
maandag 21 maart 2022

Piet Paulusma (1956-2022): Nea wer “Oant moarn!”

Snein oan de ein fan de middei binne wy bot skrokken fan it berjocht oer it sa hommels ferstjerren fan waarman Piet Paulusma.

Ek yn Top en Twel hat de o sa populêre waarman ferskate waarpraatsjes holden. Sa as hjir yn septimber 2008 oan it begjin fan it seizoen mei de fuotballers fan TOP'63. De tillefyzje-opname wie foar 'Piets Weerbericht' fan stjoerder SBS6. It reinwetter kaam doe mei bakken út de loft, mar dêr joech Paulusma fansels neat om.

Eins wie Piet wol in bytsje fan ús allegearre. Hy wie noch mar krekt 65 jier. Wy winskje de famylje in soad sterkte ta!
 

Foto's: Argyf Topentwelonline 

 


advertentie