2022-03-25 21:06:20
vrijdag 25 maart 2022

Earste ljipaai jeugd foar Tjeerd de Jong

Freedtemiddei om 17 minuten foar trijen koe Tjeerd de Jong syn gelok net op, want doe fûn hy it earste ljipaai fan de jeugd yn Top en Twel. Tjeerd fûn it twake yn de Eastpolder yn in stik greide hast ûnder de ruten by Leanbedriuw Brouwer.

En Tjeerd hie it fuortendaliks goed te pakken, want dêrnei fûn er ek noch twa nêsten mei trije aaien. It glimke fan grutskens by dizze jonge Twellingeaster is dan ek mear as terjochte. Lokwinske Tjeerd mei dyn fynst!

Neffens de Fûgelwacht is it fjild no ticht foar de aaisykers en kinne de neisoargers de polders yn om de nêsten te beskermjen.


advertentie