2022-04-01 17:39:11
vrijdag 1 april 2022

As snie foar de sinne…

Snie, wiete snie yn dizze tiid fan it jier komt wol faker foar, mar sa'n 'Winter Wonderland' as justerjûn en fannemoarn, dat is dochs wol bysûnder.

De winterwille is mar koart, want wy binne al wer safier yn it jier dat de sinnekrêft it al gau wer oernimt. De measten sille dat ek net sa slim fine. Lit it foarjier fan de lêste wiken dus mar werom komme. Mar we hawwe de foto's noch....

 


advertentie