2022-05-04 21:15:04
woensdag 4 mei 2022

Deadebetinking lûkt wer in soad folk nei de Hermestsjerke

Ynbannich lykas altyd en wer mei publyk, mar de deadebetinking dit jier stiet ek stil by de oarloch yn Oekraïne. Dat wie yn Twellingea fannejûn net oars. Troch de sitewaasje yn Oekraïne en it toanielstik 'It Deiboek fan Anne Frank' hat de deadebetinking by ús dit jier ekstra lading krigen

It gedicht dat foardroegen waard troch de skoalbern folge troch de twa minuten stilte makke djippe yndruk. FNP riedslid Tsjerk Bouwhuis, dy't út namme fan de gemeente it wurd die, helle oan dat wy ús tsjin de oarloch útsprekken bliuwe moatte. De oarloch yn Oekraïne lit sjen dat frijheid net fanselssprekkend is.

By de tinkstien fan huzaar Catharinus Faber waarden wer krânzen en blomstikken lein. Skoalbern leinen blommen del. Orkest Hymne slute ôf mei it Fryske en it Oekraïense folksliet. Mei de boadskip en tagelyk de hoop dat it spyljen fan dit lêste folksliet takom jier net mear nedich is, koe elkenien wêr op hûs ta.


advertentie